Gjin sneltsjinst om stoarm

05 des 2012 - 09:46

Rederij Doeksen lit woansdei de sneltsjinst fan Harns nei Flylân fan 17.30 oere en fan Flylân nei Harns fan 19.00 oere ferfalle. Dat jildt ek foar de sneltsjinst fan 18.25 oere fan Skylge nei Flylân. Doeksen docht dat mei it each op de ferwachte stoarmige wyn.

Yn stee dêrfan fart in ekstra fearboat om 16.45 fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere fan Harns nei Flylân.

Trefwurden: 
stoarm Doeksen sneltsjinst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)