Ferwûne by sjitpartij Weaze

04 des 2012 - 22:33

By in sjitpartij tiisdeitejûn op de Weaze yn Ljouwert is ien persoan ferwûne rekke. In grut gebiet yn de binnenstêd om it plak fan de sjitpartij wie ôfset. De plysje die dêr ûndersyk. By de sjitpartij wiene neffens de earste ynformaasje fan de plysje in groep fan trije oant fjouwer persoanen belutsen. It slachtoffer, in man fan 24 jier út Ljouwert, is fuort troch syn maten nei it sikehûs brocht. Hy koe nei behanneling wer nei hûs. De plysje is mei in ûndersyk begûn. Wat de oanlieding is fan de sjitterij, is noch neat bekend.

It slachtoffer is gjin bekende fan de plysje.

Trefwurden: 
Weaze sjitpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)