Nije tomatesoarten út Bitgum

Nei in proefperioade fan hast twa jier is it tomatekweker Cock van Overbeek yn Bitgum slagge om njonken de bekende reade tomaten ek giele en oranje tomaten te kweken, yn opdracht fan supermerkketen Albert Heijn. Van Overbeek hopet dêrmei te foldwaan oan de fraach nei mear fariaasje yn uterlik en smaak fan de tomaten. Fan 't maitiid takom jier moatte de nije tomaten yn de winkel lizze, mei trije kleuren tagelyk ferpakt yn in plestik bakje. Van Overbeek ferwachtet groei fan de wurkgelegenheid, as de tomaten oanslaan.