Nije webside mei hierhuzen

04 des 2012 - 21:22

De wenningkorporaasjes Accolade, Elkien en De Wieren presinteare it oanbod fan hierwenningen tenei op ien webside. Nei ynskriuwing kinne wenningsykjenden yn de database fan de trije korporaasjes sykje nei in passende wenning. Mei de website wolle Accolade, Elkien en De Wieren de tsjinstferliening oan besteande en nije hierders ferbetterje. Sa is nei oanmelding ek te sjen hoelang in hierder al ynskreaun stiet en hoe grut de kâns is dat in wenning takend wurdt. Mei-inoar bestrike de trije korporaasjes Midden-Fryslân fan Frjentsjer oant Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)