Soarch om heechspanningskabel

04 des 2012 - 21:11

De steatefraksje fan de FNP wol fan it provinsjebestjoer dúdlikheid oer wat de oanlis fan in nije heechspanningslieding tusken de Eemshaven en de Rânestêd foar gefolch hat foar de folkssûnens en de greidefûgels. De nije lieding rint dwers troch Fryslân hinne en smyt fragen op. Neffens de FNP is folslein ûndúdlik wat de oanlis betjut foar de greidefûgelpopulaasje. Ek is net helder oft de magneetfjilden by de nije liedings effekt hawwe op de sûnens fan minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)