Grutskaliger oanpak muskusrôt

04 des 2012 - 16:44

De proef om de muskusrôt oars oan te pakken kin allinnich as dy grutskaliger oanpakt wurdt. It begûn mei in proef by Nij Beets en boppe Dokkum. Hjir waard de bestriding yn de maitiid en winter dien omdat soks better oanslút op de biology fan de muskusrôt. Simmerdeis waard sa goed as neat dien. Dat wurke net, want boppe Dokkum fertrijedûbele it tal rotten troch in ynvaazje út Grinslân.

De proef wurdt dêrom no op grutte skaal werhelle mei ek ekstra tafersjoch om in nije fertrijedûbeling te foarkommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)