Drachten: houten krystbeammen

04 des 2012 - 16:06

It is de tiid fan Sinteklaas, mar yn Drachten sjogge se al fierder. Bern fan basis- en fuortset ûnderwiis en ek MBO'ers en HBO'ers binne dêr drok dwaande om krystbeammen fan hout te meitsjen en te fersieren. Dat wurdt dien troch learlingen fan basiskoalle de Opdracht út Oerterp, fan CSG Liudger, fan de Friese Poort en fan de Hanzehogeschool.

Der binne al 47 fersierde houten beammen ferkocht en mear kinne se ek net meitsje. De opbringst giet nei it Wereld Natuur Fonds.

It doel fan it projekt is dat de bern sa leare om gear te wurkjen en om yn in soarte fan bedriuw in produkt yn de merk te setten. Dat is goed slagge; Alle beammen binne ferkocht, de learlingen moasten sels nee ferkeapje. De opbringst fan de beammen giet nei it Wereld Natuur Fonds.

Trefwurden: 
Drachten krystbeam fersiere
(advertinsje)