Kramer: te min minsken yn bus

04 des 2012 - 14:11

Dat der mei de nije tsjinstregeling minder bussen troch ferskate Fryske doarpen ride, komt omdat dy ferbinings earder net útkoene. Der reizgen te min minsken mei de bus yn de daloeren, tusken acht oere moarns en twa oere middeis. Sûnt begjin dizze moanne fersoarget ferfiersbedriuw Arriva it busferkear yn in grut part fan de provinsje.

Arriva hat mei de provinsje ôfpraat dat der minder bussen ride. Ynwenners fan doarpen lykas Warten binne skrokken, en ha aksjes oankundige. Neffens deputearre Kramer koe de provinsje net oars.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)