Wynmûneprotest op provinsjehûs

04 des 2012 - 13:38

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is tiisdei in petysje mei 2400 protesthantekens yntsjinne tsjin de wynmûneplannen fan de provinsje. Ynwenners fan it gebiet tusken Makkum, Boalsert en Harns, feriene yn aksjekomitee 'Hâld Fryslân moai', fiele har oerfallen troch it plan om hûndert wynturbines fan 150 meter heech del te setten.

Dy soene net allinnich dêr komme moatte. Ek it klaverblêd by It Hearrenfean en de Iselmar binne yn byld. Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma naam de petysje yn ûntfangst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)