Dea Willems skok foar Verhoeff

Regisseur Piter Verhoeff neamt de dea fan akteur Jeroen Willems 'in grutte skok en in grut ferlies'. Jeroen Willems naam yn Verhoeff syn film Nynke út 2001 de rol fan Piter Jelles Troelstra foar syn rekken. Willems die dat mear as treflik, sa seit Verhoeff. Syn spul makke in soad emoasjes los by tsjinspilers, figuranten en filmpublyk.
Verhoeff omskriuwt Willems as 'in hast Latijnse, elegante akteur mei in prachtige karriêre', en ek as 'eksplosyf', mei in 'fulkaan fan emoasjes'.