DE ferkeapet skilderijen

Douwe Egberts is dwaande om keunst te ferkeapjen. It fan oarsprong Fryske bedriuw is neidat it selstannich en los fan it eardere memmebedriuw Sara Lee fierder gie, ferhuze nei in nij haadkantoar yn Amsterdam. Dêr en op de oare lokaasjes dêr't it kofje- en teekonsern sit, is gjin plak mear foar de grutte kolleksje.
Dêrunder sit wurk fan Fryske skilders as Benner en Oud en ek in skilderij dat eartiids troch de gemeente Haskerlân oan Douwe Egberts op De Jouwer jûn is. De topstikken wurde tiisdei feild by Christie's yn Amsterdam.
Oanslutend krije meiwurkers fan Douwe Egberts de kâns om te bieden op keunstwurken dy't oerbliuwe. It bedriuw is net fan doel nije keunst oan te keapjen. Der wurde wol in tal stikken achterhâlden dy't dúdlik in relaasje ha mei it bedriuw. Oer stikken dy't yn brûklien jûn binne, is noch gjin beslút naam.