Omstanners hâlde taskedief oan

04 des 2012 - 11:44

Tsjûgen fan in taskerôf hawwe moandeitejûn yn sintrum fan Drachten in Oerterper (18) oanhâlden. De jonge hie krekt dêrfoar op it Kyriat Onoplein de tas fan it skouder fan in frou út Elslo (49) lutsen. De dochter (16) fan de frou seach dat it barde en draafde achter de strjitrôver oan. Mei help fan oare tsjûgen koe de dochter de strjitrôver oanhâlde.

De man waard op it Kyriat Onoplein oerdroegen oan de plysje. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten strjitrôf taskedief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)