Sieraden en laptops stellen

04 des 2012 - 11:31

Yn de Ljouwerter Van Blomstrjitte is moandei oerdei ynbrutsen yn in wenhûs. De dieders kamen der yn troch de achterdoar iepen te brekken.

Ut de wente waarden sieraden en twa laptops stellen. De 59-jierrige bewenster hat oanjefte dien. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
ynbraak sieraden laptops
(advertinsje)