Syb sil op 10 stasjons sjonge

04 des 2012 - 11:27

Sjonger Syb van der Ploeg jout oare wike tongersdei in konsert op tsien treinstasjons yn Nederlân. Hy begjint moarns yn Ljouwert en einiget jûns yn Deventer. Mei de optredens wol de sjonger omtinken freegje foar strjitbern yn Uganda. Dêr hat er west foar in tv-dokumintêre oer de situaasje fan Ugandeeske bern.

Syb van der Ploeg makke doe in protestliet mei de bern. It maratonkonsert wurdt holden yn gearwurking mei Kerk in Actie, de helporganisaasje fan de Protestantse Kerk in Nederland. Dy stipet opfangprojekten foar strjitbern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)