Sedesaak Drachten yn Opsporing

Op dit boartersplak yn Drachten waard it famke betaaste © Omrop Fryslân, Alle Faber
Plysje Fryslân freget tiisdeitejûn yn tv-programma Opsporing Verzocht op 'e nij omtinken foar de Drachtster sedesaak. Op snein 25 novimber waard in seis-jierrich famke yn de boarterstún oan de Westerwird yn Drachten ûnseedlik betaaste troch in man. Yn dy saak is yntusken in fertochte oanhâlden.
De plysje is lykwols noch op syk nei tsjûgen en mooglike oare slachtoffers. De útstjoering fan it tv-programma is tiisdeitejûn om 21.30 oere op Nederlân 1.