Busferfier Fryslân útklaaid

03 des 2012 - 21:10

Fan moandei ôf ride der troch tsientallen doarpen yn Fryslân folle minder bussen. Op 9 desimber giet de nije tsjinstregeling yn. Dêrby ferdwine in soad bussen tusken 9 oere moarns en twa oere middeis. It giet yn totaal om tsien buslinen, nei doarpen as Gau, Dearsum, Brantgum, De Skâns en Warten.

Doarpsbelang Warten is bot skrokken fan de nije tsjinstregeling. Nei de bus fan acht oere kinne je oerenlang it doarp net yn of út mei it iepenbier ferfier. 

Doarpsbelang Warten komt no yn aksje. Se hawwe al in brief klear lizzen en wolle oerlis mei de provinsje.

Hjirûnder in oersjoch fan de buslinen dy't troffen wurde:

Doarpen mei minder iepenbier ferfier.

Hjirûnder wurdt in oersjoch jûn fan kearnen yn Noard- en Súdwest Fryslân dy't op dit momint op moandei oant en mei freed tusken 09.00 oere moarns en twa oere middeis ien kear yn 'e oere in fêste busferbining hiene, mar fanôf 9 desimber net mear.

Lijn 22: Wergea en Warten
Lijn 33: Skearnegoutum, Boazum, Wiuwert, Britswert, Easterlittens, Baard, Wjelsryp en Tsjom
Lijn 36: Pingjum, Achlum en Hitzum
Lijn 45: Aldegea (GS) en Ealahuzen
Lijn 52: Nijewier, Easternijtsjerk, Liussens, De Skâns, Paesens, Moddergat, Nes, Wierum.
Lijn 60: Brantgum en Waaksens (D)
Lijn 75: Doanjum
Lijn 93: Dearsum, Easterwierrum, Jorwert, Weidum en Jellum
Lijn 94: Goaiïngea, Gau, Sibrandabuorren, Tersoal, Poppenwier en Raerd
Lijn 96: Eksmorre, Allingawier en Koarnwert
Trefwurden: 
busferfier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)