Unrêst by thússoarchklanten

Der is in soad ûnrêst ûnder kliïnten fan thússoarch Het Friese Land. Alle dagen komme der tsientallen tillefoantsjes binnen fan minsken dy't benaud binne dat se fan 1 jannewaris ôf harren fêste help kwytreitsje. Fanwege de nije kabinetsplannen foar de thússoarch ferlieze nei ferwaching tûzenen alphahelpen harren wurk.
Het Friese Land, dat earst noch fan doel wie 550 húshâldlike helpen yn fêste tsjinst te nimmen, sprekt fan 'drakonische' maatregels.
Direkteur Klaas Kuilman fan Het Friese Land tinkt dat er op koarte termyn net folle feroaret.