Skipfeart Burdaard ticht
De Klokhuzerbrêge yn Burdaard wurdt oant 14 jannewaris net betsjinne om't der ûnderhâld dien wurdt. Yn wike 50 sil de brêge iepen foar de skipfeart.
Op hokker dei dat krekt is, wurdt sa gau as mooglik bekend makke. Skippen oant 1 meter 40 kinne ûnder de brêge troch.