Klup hat belang by ferkeap hûs

03 des 2012 - 16:02

De ferkeap fan it hûs fan Netty Posthumus en Anne de Vries yn Kollum kin de pleatslike fuotbalklup 4.000 euro opsmite. It echtpear hat VV Kollum ynskeakele om it hûs te ferkeapjen. As it de klup slagget in keaper te finen, krije se in beleaning. En dy kinne se moai brûke foar de ferbou fan de kantine.

De gouden tipjouwer kin sels ek nochris tûzen euro temjitte sjen.
Foarsitter Bauke Schat fan fuotbalferiening Kollum sjocht wol wat yn de aksje.

Trefwurden: 
Kollum hûs fuotbalklup
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)