Jongeren yn debat mei steaten

In groep fan sa'n 30 jongeren is moandei yn debat gien mei twa steateleden. Dat barde yn de steateseal fan in provinsjehûs yn Ljouwert. Tolve fan de jongeren geane nei it nasjonaal jeugddebat om mei echte ministers en steatssiktarissen yn debat te gean.
Ien en oar wurdt organisearre troch de Nationale Jeugdraad; de koepel fan jongereinorganisaasjes yn Nederlân. It giet om jongerein tusken de tolve en de achtjin jier âld dy't sadwaande noch net stimme meie, mar wol al in miening hawwe.