'Sporthal Westereen ûnfeilich'

03 des 2012 - 12:42

De sporthallen fan De Westereen en Feanwâlden binne ûnfeilich. Dat sizze skoallen dy't der alle wiken gebrûk fan meitsje. Sûnt koarten hat de gemeente besunige op it behear, omdat se in lytse twa ton op sport besparje. Twa arbeidsplakken binne skrast en in grut part fan it behear moat no dien wurde troch de brûkers; de sportferienings en ynwenners.

Neffens it kolleezje is it allinnich dan mooglik om de hallen yn Dantumadiel iepen te hâlden. Mar yn de praktyk is der neffens de skoallen no fierstente min tafersjoch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)