Frou botst mei plysje-auto
In frou (61) út West-Skylge is sneintemiddei licht ferwûne rekke by in oanriding mei in plysje-auto. Se siet neist har dochter (28) yn de auto. De dochter ried fan de Brandarisstrjitte de Dúnwei op en bedarre op de ferkearde kant fan de dyk, omdat se de bocht te rom naam. Dêr knalde se op de plysje-auto.
Beide auto's rekken skansearre. De frou hie lichte ferwûnings. Neidat se behannele wie troch ambulânsemeiwurkers, koe se wer nei hûs.