Faillisemint kostet Gea jild

It faillissemint fan it restaurant nêst besikerssintrum Alde Feanen en it Lânboumuseum yn Earnewâld kostet it Fryske Gea jild. Hoefolle krekt wol direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea noch net sizze. De natoerbehearder is eigner fan it gebou op rekreaasjepark It Wiid en de no fallite horekapachter soarge foar ynkomsten.
Neffens De Vries is de hoareka in wichtich ûnderdiel fan it totaalkonsept. De direkte gefolgen falle ta, want winterdeis is it restaurant ornaris ticht. It wachtsjen is no op de kurator.