FNP/SSW: Frysk is wrâlderfguod

03 des 2012 - 09:43

De FNP en susterpartij SSW yn Sleeswyk-Holstein wolle de Fryske taal en kultuer by de Unesco oanmelde as wrâldkultuererfguod. Dat ha FNP en SSW it ôfrûne wykein ôfpraat by in wurkbesite fan de FNP oan Noardfryslân yn Dútslân.

Neffens FNP-steatelid Sybren Posthumus it it oanmelden fan it Frysk foar de Unesco-list fan ymmateriëel wrâlderfguod 'sinfol en mooglik'. FNP en SSW hawwe ôfpraat dat beide partijen har hjirfoar ynsette sille; de FNP yn Nederlân en de SSW yn Dútslân. De FNP sil ynkoarten it foarstel yn 'e Steaten op 'e aginda sette.

De SSW (Süd-Schleswiges Wählerverband) fertsjintwurdiget de Deenske en Fryske minderheden yn de lândei yn KIel en makket sûnt koarten ek diel út fan it regear fan Sleeswyk-Holstein. De FNP hat mei in delegaasje fan sân minsken by de SSW op besite west. Yn dy delegaasje sieten ûnder oare deputearre Johannes Kramer en in stikmannich steateleden fan de FNP. Se waarden ûntfongen troch ûnder oare Lars Harms, lid fan de lândei fan Sleeswyk-Holstein en Anke Spoorendonk, de minister fan justysje, kultuer en Europeeske saken fan Sleeswyk-Holstein. It plan fan FNP en SSW krijt yn Dútslân in soad omtinken fan de media. Under oare de Bild-zeitung, fierwei de grutste krante fan Dútslân, skreau der in grut ferhaal oer.

Trefwurden: 
Frysk FNP wrâlderfgoed SSW
(advertinsje)