Ungelokken op A7 en A32

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Der hawwe moandeitemoarn twa ûngelokken west op de A7 en de A32. Fanút de rjochting It Hearrenfean botsten foar it ferkearsplein fan De Jouwer twa auto's op elkoar. Der rekke net ien ferwûne. Troch de oanriding ûntstie in file.
Op de A32 fan It Hearrenfean rjochting Akkrum rekke by Haskerdiken in auto fan de dyk. Dy botste tsjin in lantearnepeal. Ek hjir rekke net ien ferwûne. Beide ûngelokken hiene neffens de plysje neat te krijen mei glêdens.