Muoisume winst follybalsters

02 des 2012 - 18:37

De follybalfroulju fan Snits ha snein yn eigen hûs muoisum mei 3-1 wûn fan hikkesluter Energy Volley. De Snitser froulju hienen yn de begjinfaze gjin inkele muoite mei de gasten (25-12 en 25-20). Mar yn stee fan belies te jaan, kaam Energy Volley fol fjoer werom yn de tredde set. Fanút in 18-12 efterstân pakten de Grinser froulju de winst mei 26-28 en wie de spanning werom yn de wedstriid.

Ek yn de fjirde set holden de ploegen inoar lang yn lykwicht. By in stân fan 25-24 wisten de froulju fan Petra Groenland it matchpunt te fersulverjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)