Fluttert yn ried SWF foar FNP

Paul Fluttert
Paul Fluttert wurdt riedslid foar de FNP yn Súdwest-Fryslân. Mei it fuortgean fan Gerben Gerbrandy, dy't boargemaster fan Achtkarspelen wurdt, ûntstiet in fakatuere yn de fraksje fan de gemeente. Paul Fluttert fan Hieslum stiet as earste opfolger op de kandidatelist. Hy sil takom jier ynstallearre wurde. Sicco Rypma fan Blauhûs wurdt fraksjefoarsitter.
Paul Fluttert (59) is berne yn Oerisel en wennet sûnt 2005 yn Hieslum. Hy studearre sosjology keunstskiednis en wurke earder by de marine en wie museumdirekteur yn Rotterdam.