Sneu ferlies Snits Wyt Swart

02 des 2012 - 16:32

Snits Wyt Swart Boso hat snein mei 1-0 ferlern fan de nûmer fjouwer FC Lienden. Yn Lienden begongen de Snitsers goed oan de wedstriid. Benammen Mark Homme van der Veen wie gefaarlik. Foar it skoft krige Marco Achmed fierwei de bêste kâns. Hy fersomme de Snitsers lykwols op foarsprong te setten en stuite oant twa kear ta op de keeper fan Lienden.

Yn de twadde helte moasten de Snitsers fierder mei 10 man, neidat Kevin Huitema read krige. Lienden profitearre optimaal troch yn de 71e minút út in hoekskop de winnende treffer binnen te koppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)