Plysje wol tips oer fjoerwurk

02 des 2012 - 15:57

De plysje wol fan 't jier mear yllegaal fjoerwurk opspoare, mei help fan tips. It fjoerwurkteam fan de plysje fynt dat minsken har goed realisearje moatte dat it libbensgefaarlik is as bygelyks har buorman doazen fol mei swier knalfjoerwurk opslacht yn de garaazje. De tips meie eventueel ek anonym dien wurde. Al sûnt de simmer is it fjoerwurkteam fan de plysje wer aktyf. Yn Noard-Nederlân wurdt it yllegale fjoerwurk hieltyd swierder. Soms hat it knalfjoerwurk like folle krêft as in hângranaat.

Trefwurden: 
plysje yllegaal fjoerwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)