Wenningmerk bliuwt dreech
Takom jier wurdt wer in dreech jier foar de wenningmerk. It soe wolris it dreechste jier fan de krisis op 'e wenningmerk wurde kinne, tinkt makelder Lieuwe Jan Kamminga fan Kamminga Makelders. Dit jier wie der noch pyk yn 'e ferkeap troch de ferleging fan oerdrachtsbelesting. Ek no wurde mear huzen ferkocht om't dat no noch goedkeaper kin as folgjend jier. De hypoteekregels wurde yn 2013 flink oanskerpe. Huzekeapers moatte dan it hiele bedrach ôflosse, wêrtroch't se yn 'e moanne mear kosten ha.
Neffens Kamminga moatte minsken akseptearje dat se minder djoere huzen keapje kinne.