Bergsma bêste op 10 kilometer

Jorrit Bergsma hat snein it goud pakt op de 10 kilometer by de wrâldbekerwedstriden yn Astana. Mei in winnende tiid fan 12.50.40 sette Bergsma boppedat in nij baanrekôr yn de boeken. Lang ried de rider fan Aldeboarn ûnder it wrâldrekôrskema fan Sven Kramer. Dat moast de BAM-rider lykwols bekeapje yn de lêste 3 kilometer. Mei muoite wist Bergsma ûnder de rapste tiid fan Bob de Jong te bliuwen, dy't in rit earder yn aksje kaam. De Jong pakte it sulver yn in tiid fan 12.51.22. It brûns wie foar de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee.
Troch de winst giet Bergsma mei 250 punten oan de lieiding yn it wrâldbekerklassemint op de 5 km/10 km. Sven Kramer stiet twadde mei 200 punten, folge troch Bob de Jong mei likefolle punten.