Flyers ferliest fan Eindhoven

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha sneon mei 4-1 ferlern fan Eindhoven Kemphanen. Yn Eindhoven kamen de Feansters al betiid op efterstân. Yn de twadde perioade wreide Eindhoven de marzje fierder út nei 2-0. Sander Dijkstra tekene nammens de Flyers trettjin minuten foar tiid foar de oanslutingstreffer. Spannend waard it lykwols net mear, want Eindhoven skoarde út twa knap útspile oanfallen en smiet dêrmei de wedstriid yn it slot.
Nei de romme 4-1 oerwinning freed op Amsterdam wie it ferlies yn Eindhoven in domper foar de ploech fan trainer Chris Eimers. De Flyers bliuwe mei 28 punten út 14 wedstriden op it tredde plak stean.