Follybalsters pakke 6e winst

© awfoto.nl
De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn mei 3-1 wûn fan Alterno. Yn Apeldoorn strieden beide ploegen fol foar de winst. Mei nipt ferskil gong de earste set mei 24-26 nei Snits. De froulju fan Alterno lieten har lykwols net fan de wiis bringe en pakten de twadde set mei 25-22. Dyselde stân stie oan it ein fan de tredde set op it boerd, mar dit kear yn it foardiel fan Snits. Yn de lêste en beslissende set dindere de ploech fan trainster Petra Groenland oer de thúsploech hinne. By 17-25 wie de sechsde winst fan dit seizoen binnen.
De Snitser froulju steane mei 19 punten út 9 wedstriden op it tredde plak. Snein komt de nûmer lêst Energy Volley/Lycurgus op besite yn Snits.