Tal fan ynbraken yn Fryslân

02 des 2012 - 13:14

Op ferskate plakken yn Fryslân is sneon ynbrutsen. Yn Dronryp is yn in hûs oan De Gibbeflecht in rút oan de achterkant stikken makke. De eigener mist in tal sieraden. Yn Harns is út in wenning oan de Goudplevier in laptop stellen. Yn Britsum is yn in hûs oan de Greiden ynbrutsen. De foardoar wie iepenbrutsen. In televyzje en in kompjûter binne stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)