Snitser yn ynvalidewein op A7

02 des 2012 - 12:48

Op de A7 hat de plysje sneontemiddei in ynvalidewein fan de dyk helle. De bestjoerder (77) út Snits wie it paad bjuster. Hy hie de ferkearde ôfslach naam. De plysje ried achter de man oan en joech him in stopteken. De bestjoerder krige in proses-ferbaal foar it riden op de sneldyk. Dêrnei hat de plysje de man holpen om it goede paad nei hûs werom te finen.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)