Ferbeane wapens yn Akkrum

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Akkrum by ûndersyk nei hannel yn yllegaal fjoerwerk fiif nepfjoerwapens en in falmes yn beslach naam. Trije jonges út Akkrum (15 en 17 jier) ha in proses-ferbaal krigen. De plysje wie tipt oer de hannel en ûndersocht it hûs. Dêr lei gjin fjoerwurk, mar wol de ferbeane wapens dy't hast net fan echt te ûnderskieden wienen. Dy binne yn beslach nommen.