Man ferwûne by stekpartij

02 des 2012 - 11:12

De plysje ûndersiket in stekpartij, sneontejûn let yn de Gabriël Metsusstrjitte yn Ljouwert. Twa ûnbekende manlju bellen oan by in 38-jierrige bewenner. Neidat dy de doar iepen dien hie, waard er troch ien fan de manlju in tal kearen stutsen. De manlju naaiden dêrop út.

Warskôge ambulânsepersoniel hat de bewenner meinaam nei it sikehûs. Dêr blykten syn ferwûnings ta te fallen, wol moast er opnaam wurde. De plysje hat yntusken ûndersyk yn it hûs dien en hat ek buertbewenners heard, de dieders binne lykwols noch net fûn.

Der is ek noch gjin dúdlikens oer de oanlieding fan de stekpartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)