Twadde league-winst foar LDODK

02 des 2012 - 00:34

LDODK hat goeie saken dien yn de kuorbal league troch yn eigen hûs Dalto te ferslaan mei 23-21. De ploech fan Jan Sjoerd Pool stie by it skoft mei 14-12 foar, mar wist yn de twadde helte oant twa kear ta in foarsprong fan trije punten net fêst te hâlden. Yn in spannende slotfaze makke Betty Jansma flak foar tiid de ferlossende treffer.
LDODK stiet no ferrassend op in dield fiifde plak mei fjouwer punten. Takom wike spylje De Gordyksters út tsjin it noch puntleaze Deetos út Dordrecht.

Ien klasse leger, yn de haadklasse b, wie der in ferrassende winst fan Mid-Fryslân. De ploech út Reduzum en Grou wûn mei 16-15 yn Nijeveen fan DOS '46. Foar Mid-Fryslân wie it de earste winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)