Hark. Boys te sterk foar VVOG

01 des 2012 - 16:45

Harkemase Boys hat sneon op eigen fjild mei 2-1 wûn fan VVOG. Op sportpark De Bosk begongen de Boys fol kriich oan de wedstriid. Yn de 24e minút tekene Raymond Bolt foar de iepeningstreffer. Ek VVOG wie gefaarlik, mar slagge der net yn de lykmakker op it boerd te setten.

Nei it skoft wie it wol raak foar de gasten út Hurderwyk. Tumult soarge derfoar dat de wedstriid stillein waard doe't VVOG-spits Dada Bugera in giele kaart krige. Yn de 88e minút wie it úteinlik ynfaller Heine Uuldriks dy't de winnende treffer op syn namme skreau.

Troch de oerwinning klimt Harkemase Boys mei 16 punten út 12 wedstriden nei it achtste plak.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)