Alberda oan slach by roeibûn

01 des 2012 - 14:44

Joop Alberda sil trije moannen as adviseur oan de slach by it roeibûn, de KNRB. Hy moat de basis lizze foar in suksesfol topsportsysteem foar it WK yn 2014 en de Spelen fan 2016. It roeibûn en NOC*NSF tinke dat feroaringen nedich binne.

De Fries om utens wûn yn 1996 goud mei de follyballers. Earder wie er technysk direkteur by NOC*NSF en chef de mission by de Spelen yn 2000.

Trefwurden: 
Joop Alberda
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)