Flyers wint rom fan Amsterdam

01 des 2012 - 14:12

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha freedtejûn op eigen iis in 4-1 oerwinning helle op Amsterdam. Krekt foar de ein fan de earste perioade sette Trevor Hunt de Feansters op foarsprong. Kevin Bruijsten en Gerald Pollastrone wreiden dy marzje fierder út, wêrnei't Amsterdam wat weromdwaan koe. Mei syn twadde treffer yn de tredde perioade tekene Pollastrone úteinlik foar de einstân.

De oerwinning is in moaie opstekker foar de ploech fan coach Chris Eimers, neidat twa kear op rige ferlern waard fan Herentals en Den Haach.

De Flyers steane mei 28 punten út 13 wedstriden op it tredde plak. Den Haach giet oan de lieding mei 34 punten, folge troch Tilburch mei twa punten minder.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)