Meijer pakt goud yn B-groep

Rixt Meijer pakt brûns op 5000 meter © awfoto.nl
Rixt Meijer fan It Hearrenfean hat sneon yn de B-groep it goud pakt op de 5 kilometer by de wrâldbekerwedstriden yn Astana. Meijer sette in winnende tiid fan 7.07.87 op it boerd. Letter op de dei kaam de A-groep yn aksje, dêr't de winst nei de Tsjechise Martina Sábliková gong. Sábliková klokte 7.00.75 en bleau dêrmei de Dútse Claudia Pechstein (7.01.05) foar. It brûns wie foar de Russise Olga Graf (7.01.38).
De tiid fan Meijer hie yn de A-groep goed west foar it 6e plak, achter Diane Valkenburg dy't mei 7.03.51 de bêste Nederlânse wie.