Friezen fersoargje TT-festival

01 des 2012 - 13:59

Eveneminteburo Gaastra en Koudstaal Producties út Ljouwert organisearret takom jier it TT-festival yn Assen. Dizze simmer wiene se ek al belutsen by de organisaasje fan it festival. Se meie no it hiele festival organisearje, om't it buro út Assen dat it dit jier die, koartlyn fallyt gien is.

Gaastra en Koudstaal hawwe al 40 jier ûnderfining mei it organisearjen fan eveneminten, lykas Wâldrock en it befrijingsfestival. Foar de organisaasje fan it TT-festival is twa ton beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)