Goud Bergsma op achterfolging

Jorrit Bergsma, massa start, Kolomna © awfoto.nl
Jorrit Bergsma hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Astana it goud pakt op de ploege-achterfolging. Mei Jan Blokhuijsen en Koen Verweij sette Bergsma in winnende tiid fan 3.41.27 op de klok. Dêrmei bleau it trijetal Súd-Koreä (3.41.49) en Noarwegen (3.43.43) krekt foar.
It is de twadde wrâldbekeroerwinning op rige foar de Nederlânske manljusploech. By de earste wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean wie Nederlân ek al de bêste. Doe ried Sven Kramer mei, yn stee fan Jorrit Bergsma.
Troch de winst giet Nederlân mei 200 punten rom oan de lieding yn it klassemint. Twadde stiet Súd-Koreä mei 160 punten. Kanada en Ruslân diele it tredde plak en sammelen beide 140 punten.