Koperdieven yn leech hûs pakt

Koper © Omrop Fryslân
Mei tank oan in alerte tsjûge hat de plysje sneon trije ynbrekkers oanhâlden. Twa ynwenners fan Drachten en ien út Ljouwert waarden betrape yn in leechsteande wenning oan de Suderdwersfeart yn Drachten. In foarbygonger hearde leven út it hús kommen en seach it skynsel fan in bûslampe. Hy belle fuortendaliks de plysje. Dy hearde stommeljen op de boppeferdjipping en rôpen de manlju. Dy reagearren earst net, mar doe't drige waard dat de plysjehûn op har ôfstjoerd wurde soe, kamen se foar it ljocht. Se binne oanhâlden en meinaam nei it buro.
By de achterdoar fan it hús stie in grut tal tassen klear mei dêryn ûnder oare koperen liedings en oar guod dat se yn it hús fûn hiene. It guod is troch de plysje yn beslach nommen.