Mooglik NORO-firus yn MCL

01 des 2012 - 10:42

Op de geriatryske ôfdieling fan it sikehûs MCL binne pasjinten mooglik besmet mei it NORO-firus. Dat betsjut dat se lêst hawwe fan diarree en spuien. Op dit stuit wurdt ûndersocht oft it echt om it NORO-firus giet. Op de ôfdieling binne ekstra hygiënemaatregels nommen. Dat betsjut dat sawol personiel as besikers de hannen ekstra waskje moatte. Besikers is ek mei klam frege om net nei oare ôfdielingen te gean. Neffens in wurdfierder fan it MCL kinne de pasjinten ien of twa dagen siik wêze fan it firus, mar dêrnei knappe se wer op.

Ek tal fan ferpleechkundigen binne der siik fan wurden. Der binne de lêste wiken faker meldingen oer firusynfeksjes yn soarchynstellingen, ûnder oare yn Erasmushiem yn Ljouwert en Nieuw Toutenburg yn Noardburgum.

Trefwurden: 
MCL norofirus
(advertinsje)