Friezen dogge it goed op NBK

01 des 2012 - 10:25

Op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn Grins ha de Fryske dielnimmers freedtejûn goed fan har hearre litten. Yn de 4e divyzje einigen de Fryske brassbands fan Menaam, Ternaard en Rinsumageast op de earste trije plakken. Yn de 3e divyzje wiene de earste beide plakken foar bands út Fryslân. Gloria Deï fan Gerkeskleaster/Strobos waard earste en Looft den Heer fan Bitgummole waard twadde. Sneon komme de bands oan bar dy't útkomme yn de kampioensdivyzje en de 1e en 2e divyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)