Dieven aktyf yn Wolvegea

01 des 2012 - 10:22

Yn trije wenningen yn Wolvegea is freed ynbrutsen. It giet om in wenning oan De Brogge, dy't hielendal trochsocht is, mar dêr't nei alle gedachten neat meinaam is. Ek is ynbrutsen yn hûzen oan De Snikke en de Lycklamawei. Ek dy binne hielendal trochsocht, allinne út it lêste hûs is wat meinaam. It giet dan om in lyts jildbedrach. Yn alle gefallen koe de dieder binnen komme troch in rút stikken te meitsjen. De plysje is noch dwaande mei ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Wolvegea
(advertinsje)