Mear Europa yn KH2018

30 nov 2012 - 20:54

Yn de striid om yn 2018 definityf de Europeeske Kulturele Haadstêd te wurden moat Ljouwert syn ynset no folle better ferbine mei Europa. Dat die freed bliken út it sjueryrapport nei't Ljouwert mei Maastricht en Eindhoven in ronde fierder kaam. In sjuery sil yn de hjerst fan 2013 ien fan dizze trije stêden foardrage as offisjele Nederlânske kandidaat.

Der wiene priizgjende wurden foar it bidbook fan Ljouwert. Mar tagelyk wurdt dúdlik dat de plannen dy't der lizze noch net goed genôch binne. Dêr wurdt fierder oan wurke.

Trefwurden: 
Ljouwert KH2018 Europa
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)