Soad ynbraken Súdwest-Fryslân

30 nov 2012 - 20:13

It oantal wenningynbraken yn Súdwest-Fryslân nimt ta. De lêste wike is der al fiif kear ynbrutsen yn wenningen yn Balk en Warkum. De dieven hawwe it foaral foarsjoen op grutte frijsteande huzen. Se hâlde de huzen goed yn de gaten en slaan ta as it tsjuster wurdt.

De bút bestiet út guod dat maklik te ferkeapjen is, lykas sieraden en ipads. De plysje warskôget minsken dan ek om it ljocht oan te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)